“Us sikehûs moat bliuwe!” zo zei fractievoorzitter Jouke Douwe de Vries van Dongeradeel Sociaal afgelopen donderdag in de raad. “De plannen fan de spesjalisten foar in trochstart fan it sikehûs moatte in earlike kâns krije. Wy sprekke ús grutte wurdearring út foar de meiwurkers dy’t gewoan trochwurkje en de Sionsberg iepen hâlde. Wy winskje harren in soad sterkte yn dizze ûnwisse tiden.”
De Vries: “Machteleas, sa fiele wy ús yn it krachtefjild fan falende bestjoerders, it grutte jild fan fersekerder De Friesland en de lanlike polityk dy’t neat docht en no by de Sionsberg komt te sjen.” Hij hekelde vervolgens de landelijke partijen die niet reageren op oproepen, mails, een vernietigd rapport over de rol van De Friesland en de massale protestmars eind 2011. “Mar je kinne wol om je hinne slaan bliuwe, it jout je neat!” Alle oproepen ten spijt om de marktwerking in de zorg aan te pakken, iets te doen aan de monopoliepositie van De Friesland, de kleinschaligheidstoeslag te laten bestaan en een uitzondering te maken voor ziekenhuizen in dunbevolkte gebieden.
“En no wurdt in skuld fan 40 miljoen brûkt as reden om it sikehûs te sluten. Hiel bysûnder, want dy skuld wie der yn 2011 ek al, sa kin je yn it jierferslach lêze. En dan seit de bestjoersfoarsitter Hoefsmit ek noch dat der gjin takomst is foar in sikehûs yn dizze regio. Wat foar bestjoerder binne je dan? As bestjoerder moatte je bouwe, net ôfbrekke!”
“Der is wol deeglik takomst foar in sikehûs yn dizze regio! Seker as je sjogge nei it grutte fersoargingsgebiet fan De Sionsberg, dan MOAT hjir gewoan in sikehûs bliuwe! Want hoe komt it oars mei de oanrydtiden? As je yn Eanjum of Peasens-Moddergat sitte, kinne je noait yn 45 minuten yn it sikehûs komme. Yn hoefiere rinne wy hjir gefaar as der gjin sikehûs mear is? It is dan ek ûnbegryplik dat minister Schippers no seit dat se ‘net oan set is’.”
De Vries noemde, naast de Sionsberg, ook de werknemers van Pasana in de ouderenzorg. Ook naar hen gaan onze gedachten uit. Gezien de belangstelling van overnamekandidaten rekenen wij voor hen op een spoedige doorstart van de verzorgingshuizen.